Prate oer minne berik T-Mobile

15 nov 2013 - 14:31

De makkers fan de parody op de T-Mobile-reklame sille freed yn petear mei de direksje fan it telekombedriuw. De bruorren Marcel en Jacob de Vries sprutsen in televyzjespotsje mei rapper Ali B. opnij yn it Frysk yn, as protest tsjin it minne berik fan T-Mobile, benammen yn Noardeast-Fryslân. Se waarden dêrnei útnoege troch de telefoanmaatskippij foar in petear oer de problemen.

It filmke is yntusken 30.000 kear besjoen op ynternet. T-Mobile pleatste in reaksje op Facebook, folslein yn it Frysk.

Ali B praat Frysk yn de Fryske parody op T-Mobile-spotsje: http://www.youtube.com/watch?v=Q04nR5NQhmY

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)