'Behanneling GHB dreech'

De soarch foar GHB-ferslaafden yn Fryslân is dreech. Dat seit Ingrid Willems fan Ferslavingssoarch Noard-Nederlân (VNN). It GHB-gebrûk is yn Fryslân as earste gebiet yn Nederlân ta in grut probleem wurden. Behannelje is dreech, want in soad ferslaafden wolle net yn in klinyk opnaam wurde.
De lêste sân jier binne der tsien kear mear GHB-ferslaafden bykaam. De drug wurdt benammen bûten de Rânestêd brûkt. It grutte neidiel fan de drug is dat der maklik oan te kommen is en dat it net djoer is.