Jacobi kiest foar Den Haach

15 nov 2013 - 13:26

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi sjocht ôf fan in sit yn de gemeenteried fan Ljouwert. Se krige ôfrûne woansdei by de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert safolle foarkarstimmen dat se in sit krije koe yn de gemeenteried. Dochs jout Jacobi de foarkar oan har taken foar de PvdA yn de Twadde Keamer.

Jacobi is grutsk op de stimmen dy't se krigen hat, mar se ferwachtet yn Den Haag mear betsjutte te kinnen foar Ljouwert as yn de ried. Yn de kampanje hat se altyd dúdlik oanjûn oan de kiezers dat se net yn de ried sitten gean soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)