Crone: kalme Sinteklaasyntocht

15 nov 2013 - 13:19

Foarsitter Ferd Crone fan de Feilichheidsregio Fryslân is net benaud foar opskuor by de yntocht fan Sinteklaas yn Fryslân. De Nasjonale Plysje advisearret alle plysjekorpsen om wach te wêzen op 'aversie' tsjin Swarte Pyt. Crone ferwachtet lykwols gjin problemen. Hy stelt foarop dat Sinteklaas in feest foar elkenien is en boppedat in jierrenlange Nederlânske tradysje.

Yn Ljouwert sil gjin ekstra plysjeynset wêze. Crone wol noch net foarútrinne op strangere maatregels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)