Gjin dúdlik kar gemeentenamme

15 nov 2013 - 13:15

De enkête oer de nije namme fan de fúzjegemeente De Fryske Marren hat gjin dúdlike útslach opsmiten. 42,4% fan de dielnimmers is foar de Nederlânske fariant, 41,6% is foar de Fryske ferzje. De enkête waard woansdei hâlden, tagelyk mei de riedsferkiezings.

Inkelde hûnderten dielnimmers kamen mei in foarstel foar in oare gemeentenamme. Sa waard Marrelân mear as 600 kear neamd en Sudergo 365 kear. Fierders fine hast 150 minsken dat it wurdsje 'De' yn de namme better skrast wurde kin: dus allinnich 'Fryske Marren' of 'Friese Meren'.

De namme fan de gemeente is earst offisjeel 'De Friese Meren'. Eventueel kin de nije gemeenteried dat takom jier oanpasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)