Mear stipe foar earme bern

15 nov 2013 - 12:26

De gemeente Dongeradiel ferheget de finansjele stipe foar bern út earmere húshâldings. Foar elk bern krije húshâldings der dit jier 75 euro by.

Alle gemeenten ûntfange dit jier ekstra jild foar de bestriding fan earmoed en skulden. Gemeenten meie dat jild lykwols net samar takenne oan de húshâldings. Boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel kieze der dêrom foar it ekstra jild yn de besteande Lauwersregeling oan de minsken te jaan.

Trefwurden: 
earmoede Dongeradeel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)