Ten Hoeve ynformateur foar FNP

15 nov 2013 - 06:38

Hendrik ten Hoeve is troch de FNP frege as ynformateur foar de koälysjefoarming yn 'e gemeente De Fryske Marren. Hy sil de kommende dagen de listlûkers fan de partijen benaderje foar in petear. Hoelang't de ynventarisaasje duorje sil, is noch net te sizzen. De FNP krige de measte stimmen by de gemeenteriedsferkiezings fan ôfrûne woansdei. It CDA einge as twadde, folge troch de PvdA en de VVD.

Ten Hoeve wie fan 2003 oant 2011 lid fan de Earste Keamer foar de Unôfhinklike Senaatsfraksje, in gearwurking fan de FNP mei oare regionale partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)