Boeren wolle nije guozzeregels

15 nov 2013 - 06:10

Boeren kinne har net fine yn ôfspraken dy't troch de G7 makke binne oer it opromjen fan guozzen. De G7 is in klup fan boere- en natoerorganisaasjes. Der binne hûnderttûzenen guozzen tefolle en dy feroarsaakje in soad skea, dy't net fergoede wurdt. Ofsjitte of fergasse binne mooglikheden om it probleem op te lossen, mar dat mei noch net.

Tongersdei waarden boeren en jagers bypraat troch Harm Evert Waalkens, foarsitter fan de G7. Boeren binne it net iens mei de ôfspraak dat yn de winter net op guozzen jage wurde mei.

Trefwurden: 
boer guozzebelied
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)