Skriezen ferhuze troch Heak

15 nov 2013 - 06:00

Greidefûgelgebieten by Hilaard, Mantgum en yn de Himpensermar tusken Ljouwert en Wergea binne populêr by skriezen dy't in oar plakje sykje moasten troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert. It giet om gebieten dêr't de provinsje ekstra jild yn stutsen hat om de fûgels op te fangen.

Dat docht bliken út in ûndersyk fan ekologysk advysburo Altenburg&Wymenga. In grut tal fûgels krige kleurringen om, om se weromfine te kinnen. Ien tredde fan de fûgels is ferhuze. De rest hat de ôfrûne maaitiid besocht te brieden op it âlde plak.

Neffens ûndersiker Daan Bos is it te betiid om de konklúzje te lûken dat de eksta ynspannings fan de provinsje fertuten dien hawwe. De trije greidefûgelgebieten wiene ek sûnder dy ekstra maatregels al tige geskikt foar greidefûgels. Dúdlik is wol dat wannear't skriezen ferhúzje moatte, se sa tichtby mooglik in plakje sykje. De skriezen dy't earder op it plak fan de nijbouwyk Techum bret hawwe, binne bygelyks ferhuze nei de Himpensermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)