Ekploazje op fiskersskip
In fiskersskip út Sâltkamp dat krekt boppe It Amelân fear, hat skea oprûn by in brân. Dy ûntstie yn de masinekeamer. Twa rêdingsboaten en in helikopter wiene ôfset nei it skip. Oan board fan ien fan de rêdingsboaten wiene ûnder oaren seis brânwachtminsken. Sy hawwe de brân úteinlik útmakke.
De fjouwer bemanningsleden fan de fiskersskip binne net ferwûne rekke en de boat is nei Lauwerseach ta sleept.