Hoareka-ûntheffings Glêzen Hûs

© ANP XTRA
Oant no ta hawwe seis hoareka-ûndernimmers yn de gemeente Ljouwert in ûntheffing oanfrege om 24 oeren deis iepen te wêzen yn de wike fan Serious Request. Nochris fjouwer ûndernimmers hawwe in oanfraach dien om in oere langer de doarren iepen te hâlden foar publyk. Undernimmers oan it Saailân, Prins Hendrikstrjitte, Ruterskwartier, Mata Hariplein, Alde Doelesteech en de Wirdumerdyk meie fan 18 oant en mei de nacht fan 23 op 24 desimber de hiele dei iepen wêze.
Horekagelegenheden yn de binnenstêd en it Stasjonskwartier kinne allinnich foar in ûntheffing yn oanmerking komme at der in spesjale aksje foar Serious Request organisearre wurdt dêr't de langere iepeningstiden foar nedich binne. Alle horeka-ûndernimmers moatte yn alle gefallen by de gemeente in ûntheffing oanfreegje.