Teloarstelling foar Kok (D66)

14 nov 2013 - 15:28

Hedser Kok komt dochs net yn de gemeenteried fan Ljouwert. De D66'er wie woansdeitejûn út de skroeven om't er as fyfde D66'er yn 'e gemeenteried komme soe. De teloarstelling wie tongersdeitemoarn grut doe't bliken die dat de fyfde sit net nei D66, mar nei it CDA giet. Dy partij hat in listferbining mei de ChristenUnie. Dêrtroch leit it gemiddelde heger en kriget it CDA de restsit.

D66 hat gjin listferbining. Yn 2010 rûn de partij ek al in restsit mis om dy reden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)