Dj's dogge alveprovinsjetocht

De dj's fan Serious Request Ljouwert © ANP
De trije dj's fan 3FM dy't ein dit jier yn it Glêzen Hûs yn Ljouwert sitte, hâlde foar it begjin fan it evenemint in alveprovinsjetocht. Dat dogge se fan 7 oant en mei 17 desimber. Ynwenners fan Grinslân oant Limboarch wurde oproppen om yn aksje te kommen en jild yn te sammeljen. De dj's gean del by aksjes yn de provinsjes dy't op tou set binne.
Om minsken waarm te krijen foar Serious Request wurde bekende Nederlanners ynset lykas Guus Meeuwis, Henk Westbroek, rapper Kraantje Pappie en de band Racoon.
It Glêzen Hûs stiet fan 18 oant en mei 24 desimber yn Ljouwert. De opbringst is foar de bestriding fan bernestjerte troch diarree.