VVV Grou siket ûnderdak

01 feb 2012 - 16:02

De VVV yn Grou is op syk nei in nij ûnderkommen. De toeristyske organisaasje siet oant koart yn it postkantoar fan Grou, mar dat is ticht fanwege reorganisaasjes by de post.

De VVV hopet by de start fan it nije toeristyske seizoen in nij plak te hawwen. Doel is dat ûnder te bringen by ien fan de ûndernimmers yn it doarp. De webside fan de organisaasje wurket noch wol gewoan.

Trefwurden: 
Grou VVV ûnderdak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)