Ekhart krijt soad stimmen

14 nov 2013 - 03:31

Wethâlder Andries Ekhart krige woansdei fan alle kandidaten by de Ljouwerter gemeenteriedsferkiezings de measte foarkarstimmen. Ekhart, de nûmer 4 fan de PvdA, krige 1234 foarkarstimmen. Ekhart komt dêrmei op eigen krêft yn de nije gemeenteried. By de PvdA krigen fierder Tamara Bok (1079) en listtriuwer Lutz Jacobi (540) in soad foarkarstimmen.

Wyb Feddema, de nûmer 3 fan de NLP, krige 642 foarkarstimmen. Feddema wie earder riedslid foar de VVD. By de FNP krige riedslid Lyda Veldstra fan Boarnsterhim 524 foarkarstimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)