Van Haersma Buma tefreden

14 nov 2013 - 01:51

CDA-lieder Sybrand van Haersma Buma is goed te sprekken oer de útslach fan de gemeenteriedsferkiezings fan woansdei. Hy fynt dat it CDA him knap steande hâlden hat. It CDA is yn Ljouwert wer de twadde partij, nei de PvdA. Op It Hearrenfean en yn De Fryske Marren wie der winst foar de kristendemokraten. Ek yn dy gemeenten is it CDA no de twadde partij.

It CDA wûn der net in soad sitten by, mar wûn wol yn persintaazjes. Buma neamde dat fan grut belang foar syn partij. Buma wie woansdei yn Ljouwert tegearre mei partijfoarsitter Ruth Peetoom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)