Opkomst it leechst yn Ljouwert

By de gemeenteriedsferkiezings fan woansdei binne oeral folle minder kiezers nei de stimbus gien as yn 2010. Dat docht bliken út de útslaggen fan de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren. Yn de Hollânske gemeente Alphen aan den Rijn, dy´t woansdei ek stimme mocht, wie it net oars. Mei 39,5 % wie de opkomst it leechst yn de gemeente Ljouwert. Hjir kaam yn 2010 noch mear as de helte fan de kiezers stimmen.
Yn de gemeente Hearrenfean wie de opkomst woansdei 46 persint, tsjin 54,7 % trije jier lyn.
Ek yn de gemeente de Fryske Marren wie de opkomst mei 52 % in stik leger as trije jier lyn. Doe wie de opkomst yn de âlde gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân yn trochsneed 58,6 %. Boargemaster Crone fan Ljouwert sei op de ferkiezingsjûn dat hy ûndersykje wol wêrom´t safolle minsken net de muoite nommen hawwe om te stimmen foar de nije gemeenteried. Ek boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean spruts syn soarch út oer de lege opkomst.