IIs bûtenwetter net fertroud

01 feb 2012 - 15:52

It wetterskip warskôget der foar dat it bûtenwetter noch folslein ûnbetrouber is om op te riden. Dat komt benammen troch de wyn. Dy soarget der foar dat grutte stikken noch iepen binne en dat op in soad plakken wekken sitte. De ferwachting is dat de wyn him de kommende 24 oeren deljaan sil, mar it duorret noch grif twa dagen foar dat it iis dik genôch is om der feilich op te riden. It wetterskip hat hast al syn poldergemalen útset, sadat der gjin streaming mear yn it wetter is dy't de iisgroei tsjingiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)