Provinsje baas oer busstasjons

01 feb 2012 - 15:49

Deputearre Jehannes Kramer makket freed it busstasjon fan Easterwâlde skjin. Hy docht dat mei wethâlder Veenhouwer fan Eaststellingwerf en in groep skoalbern. De aksje is betocht om't de provinsje no eigner is fan in tal busstasjons yn Fryslân.

Neist dat fan Easterwâlde, giet it om de busstasjons fan It Hearrenfean, Ljouwert, Snits en Dokkum. De provinsje wol alle stasjons ferbetterje, sadat reizigers har der feiliger fiele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)