Roy Breimer bêste bakker

13 nov 2013 - 20:00

Bakker Roy Breimer fan Bakkerij Breimer út De Lemmer hat tongersdei de Nederlânske BakkersVakWedstriid wûn yn de klasse oant 22 jier. Yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten gong er de striid oan mei bakkers út it hiele lân en toande syn fakmanskip troch amandelbroadsjes, cupcakes en fulde croissants te meitsjen.

Yn Drachten krige Piet Feenstra út Ljouwert boppedat in Keninklike ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Tjeerd van Bekkum foar syn jierrenlange ynset yn de bakkerswrâld. Hy waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)