Hegere snelheid lânbouferkear

13 nov 2013 - 17:49

It grutte lânbouferkear mei tenei mei hegere snelheid oer de rûnwegen. Op dizze wize moatte trekkers ûntmoedige wurde om troch de beboude kom te riden. In moasje fan CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe is dêrfoar oannaam.

Trekkers meie aanst mei 40 kilometer yn de oere oer de dyk yn stee fan 25 kilometer, wat no de maksimum snelheid is. Wannear't de nije regel krekt ynsteld wurde sil, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)