Stoflik omskot fûn yn wenning

Stoflik omskot fûn yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren © Omrop Fryslân, Alle Faber
De plysje hat woansdei yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren in stoflik omskot fûn. Yn in wenning oan de Roptastate fûn de plysje it lichem. Om't al in pear dagen gjin aktiviteit by it hûs fernaam wie, hat de plysje de doar forsearre. Fan seis oere ôf is de technyske resjerzje dwaande mei ûndersyk yn de wenning. Ut de earste befiningen docht bliken dat it nei alle gedachten net om in misdriuw giet. Oer de identiteit wol de plysje noch gjin útspraken dwaan.