Unbegryp oer sjitferbod katten

13 nov 2013 - 16:59

De provinsje begrypt neat fan it beslút fan de Twadde Keamer om it sjitten fan wylde katten te ferbieden. Neffens deputearre Kramer binne wylde katten in bedriging foar de greidefûgels en it ôfsjitten fan de bisten is de bêste oplossing. In mearderheid fan de Twadde Keamer hat ynstimd mei in moasje fan de Partij voor de Dieren dy't hjir in ein oan meitsje wol. Neffens dy partij wurde by it ôfsjitten ek faak húskatten rekke.

Kramer ûntkent dat. Ek it bûn fan Fryske Fûgelwachten fynt it beslút ûnbegryplik om't greidefûgels de dupe binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)