Frysk oerflaktewetter smoarch

Mei de kwaliteit fan it oerflaktewetter yn Nederlân is it min steld. It miljeurapport fan it CBS lit sjen dat it wetter it smoarchst is yn ferliking mei oaren lannen yn de Europeeske Uny. Dy útkomst giet neffens Roel de Jong fan Wetterskip Fryslân ek op foar Fryslân. De resultaten binne te ferklearjen troch it yntinsive ferkear en lângebrûk yn in relatyf drokbefolke lân as Nederlân. Ek moat rekken hâlden wurde mei it ôffal út oare Europeeske lannen dat fia de Rijn en de Maas Nederlân ynkomt.