Kontrôles yn Drachten
By twa kontrôles yn Drachten hat de plysje tiisdei 380 hurdriders trappearre. Op de Postleane rieden 215 fan de 1160 auto's te hurd. Ien ried 81 kilometer wylst 50 de limyt is.
Op de Gauke Boelensstrjitte binne 1657 kontrolearre. Dêrfan rieden 165 minsken te rap.