Skoalbern stelle út winkels

13 nov 2013 - 12:35

Fryske skoalbern stelle in soad yn winkelsintra flakby har skoallen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it befeiligingsbedriuw Checkpoint. Dat bedriuw seit dat alle jierren yn Nederlân foar mear as ien miljard oan guod meinaam wurdt en dat it opfalt dat benammen in soad jongeren meidogge oan dizze dieverij. Ek yn Winkelsintrum Nijlân yn Ljouwert nimme jongeren geregeld wat mei sûnder te beteljen, it giet om guod as maskara, batterijen en sjips. Winkelmeiwurkers geane by skoallen del om foarljochting te jaan oer de gefolgen fan stellerij.

Trefwurden: 
stellerij skoalbern
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)