Frou stoarn by ûngelok op A31

13 nov 2013 - 11:27

By it slimme ûngelok op de A31 by Marsum woansdeitemoarn is in 49-jierrige frou út Ljouwert ferstoarn. Op de dyk tusken Ljouwert en Harns wie se mei de auto fan de dyk ôfriden en fia it talúd tsjin in beam botst. Nei alle gedachten wie de frou net goed wurden. Helpferlieners ha it slachtoffer reanimearre. Yn kritike tastân is se nei it sikheûs brocht dêr't se letter stoar. De dyk wie in skoft ôfsletten foar alle ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok stoarn plysje A31
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)