Famke (16) fermist

Amisa Sinzobakwira (16) út Nagele wurdt sûnt 27 jannewaris fermist. Se komt oarspronklik út Burundi en wennet no tydlik yn Nagele. Se hat in ferstanlike beheining en hat medyske fersoarging noadich. It famke is moarns mei de bus rjochting Dronten gien, mar jûns net wer thúskommen. Der binne gjin oanwizings dat der in misdriuw plakfûn hat, mar it famke is maklik te beynfloedzjen. De plysje hâldt der rekken mei dat se miskien by freonen yn Fryslân is.