Ien tredde Friezen mei stimme

13 nov 2013 - 09:10

De stimburo's yn de trije Fryske gemeenten dêr't woansdei tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings hâlden wurde, binne sûnt 7.30 oere iepen. Goed ien tredde fan de Friezen mei stimme, dat jildt foar de ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Boarnsterhim en de nije gemeente De Fryske Marren (Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân).

De ynwenners meie stimme fanwege in gemeentlike weryndieling en in gemeentlike fúzje. Omrop Fryslân docht de hiele dei ferslach op radio, televyzje en ynternet.

Yn Ljouwert kin foar it earst yn it provinsjehûs en it Fries Museum stimd wurde.

Trefwurden: 
Ferkiezings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)