A31 ticht fanwege slim ûngelok

Plysje-embleem © ANP
Op de dyk tusken Ljouwert en Harns, by Marsum, is woansdeitemoarn in slim ûngelok bard. In auto is fan de dyk ôfriden en fia it talúd tsjin in beam botst. Helpferlieners binne it slachtoffer oan it reanimearjen. Der is ek in traumahely hinne stjoerd. De A31 is ôfsletten foar alle ferkear, it ferkear wurdt omlaat. De plysje meldt om 10.00 oere dat de auto ôffierd wurdt en dat de dyk meikoarten wer frijjûn wurdt.