Streekaginda yn Súdwesthoeke

Provinsje, Wetterskip Fryslân en de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren yn oprjochting ha tiisdei yn Drylts de hantekens set ûnder in mienskiplike gebietsaginda. Dy mienskiplike aginda moat gemeenten, provinsje en wetterskip helpe om gruttere projekten flugger en effisjinter út te fieren.
Neffens deputearre Jannewietske de Vries rint Súdwest-Fryslân foarop mei sa'n streekaginda. De wichtige tema's op de gebietsaginda binne ekonomy en toerisme, leefberens en foarsjennings, kultuer en kultuerhistoarje en natuer, lânskip en wetter.
Dat de ûndertekening tiisdei wie, wie gjin tafal. Sa koene de wethâlders fan de trije 'âlde' gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân noch folslein yn funksje de oerienkomst mei-ûndertekenje.