Undersyk draachflak wynenerzjy

12 nov 2013 - 17:24

De provinsje lit it draachflak foar wynenerzjy op it fêste lân fan Fryslân ûndersykje. Deputearre Hans Konst is rekke troch de massale krityk op it oarspronklike provinsjale plan om wynenerzjy in plakje te jaan by de kop fan de Ofslútdyk en it klaverblad by It Hearrenfean. Sawol omwenners as de gemeenten Súdwest-Fryslân en Hearrenfean kamen mei krityk. It Komité Hou Fryslân Mooi, de Friese Milieu Federatie en it Platvorm Duurzaam Fryslân sille it draachflak ûnder de Fryske befolking peile. It plan foar wynmûnen yn de Iselmar giet gewoan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)