IFKS sylt yn Rotterdam

De skûtsjeskippers fan de IFKS sille takom jier fan 22 maaie oant en mei 24 maaie in skûtsjesylwedstriid hâlde yn Rotterdam. Om alfêst yn de stimming te kommen, wurdt der kommende tongersdei syld op de Kralingse Plas. Sylkampioen Sikke Heerschop sil dêr mei syn skûtsje de Wylde Wytse in demonstraasje jaan. Ferslachjouwer Klaas Jansma sil boppedat oan de parse yn Rotterdam útlizze wat skûtsjesilen ynhâldt.