Net wer sutelaksje Frysk Boek

De sutelaksje fan Frysktalige boeken komt net wer werom. Dat seit Piter Boersma, foarsitter fan de stifting Boeken fan Fryslân. Ofrûne wykein waard troch in groep Fryske skriuwers en frijwilligers foar goed 4000 euro oan boeken ferkocht yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. It wie in protestaksje fan de skriuwers tsjin it ôfskaffen fan de sutelaksje. Yn 2009 gongen frijwilligers foar it lêst seis wike lang mei kroaden fol Fryske boeken by de huzen del. Sûnt dy tiid is de ferkeap fan Fryske boeken achterút gien.
De aksje fan de skriuwers fynt Boersma 'in moai inisjatyf' mar neffens him soene oare ferkeapwizen, lykas it promoatsjen fan Fryske boeken op skoallen en de ferkeap op merken it Fryske boek úteinlik better helpe.