Poortmans stimme yn Ljouwert

© ANP
De famylje Poortman út Nes yn Boarnsterhim kin woansdei dochs stimme foar de ried fan Ljouwert yn stee fan dy fan Hearrenfean. De famylje wennet tusken Grou en Nes. Har hûs falt krekt binnen de grins fan de nije gemeente Ljouwert. Dochs krige de famylje stimbiljetten fan Hearrenfean. Dy wiene se ek fan doel te brûken. Eins wol de famylje nei Hearrenfean ta, omdat de dyk foar har hûs aanst wol by de gemeente Hearrenfean heart.
Mar de gemeente Ljouwert hat nije Ljouwerter stimbiljetten brocht. It biljet fan Hearrenfean is net mear jildich.