Plysjeynset Hearrenfean bekend

Abe Lenstra Stadion © ANP
De plysje hat yn it seizoen 2011-2012 rom 5700 oeren besteegje moatten oan de thúswedstriden fan SC Hearrenfean. Dat hat it KRO-programma De Rekenkamer achterhelle. De sifers steane yn in rapport fan it Centraal Informatiepunt Voetbalvandalisme en binne noch net earder nei bûten brocht.
It giet net allinne om oeren dy't de plysje by de wedstriden wie, mar ek om de tarieding en ôfhanneling fan oanhâldings. Feyenoord frege mei mear as 27.000 oeren de measte ynset fan de plysje, by Heracles Almelo wie mei hast 2700 oeren de minste ynset nedich.
De Rekenkamer is kommende tongersdeitejûn te sjen op Nederlân 3.