Jild muzykaksjes oerlange

12 nov 2013 - 13:56

De organisatoaren fan de muzykmaraton en it benefytkonsert hawwe tiisdeitemoarn it jild oerlange dat se ynsammele hawwe foar de slachtoffers fan de grutte brân yn Ljouwert. Mei de muzykmaraton fan ferskate Ljouwerter piratestjoerders waard 600 euro ophelle. It benefytkonsert in Sealen Skaaf smiet rom 1700 euro op.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert naam it bedrach op it stedhûs yn ûntfangst en sei te soargjen dat it telâne komt by de stifting Sterk/058Helpt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)