Blauwe sône yn Wolvegea

Op fjouwer plakken yn it sintrum fan Wolvegea fiert de gemeente Weststellingwerf fan 1 jannewaris 2014 ôf in blauwe sône yn foar parkearen. It giet om it Van der Sandeplein, it Pastorijeplein, it Achtpilarenplein en de Haadstrjitte-East.
De blauwe sône hat as doel om lang parkearen op plakken foar koart parkearen tsjin te gean. Fan 1 jannewaris ôf moat hjir in parkearskiif brûkt wurde en meie auto's hjir heechút twa oeren delset wurde. De blauwe sône wurdt as proef ynset en sil ien jier duorje.