PvdA: oerlêst kompensearje

12 nov 2013 - 07:51

De brede skoalle yn de wyk de Súdlannen yn Ljouwert moat kompensearre wurde foar alle oerlêst. Dat fynt de riedsfraksje fan de PvdA. De skoalle is tydlik ticht foar reparaasje. Under oare de technyske ynstallaasje moat ferfong wurde. De bern sitte no yn needgebouwen.

De skoalle hat de gemeente fan 't simmer frege om in bydrage foar boarterstastellen. De PvdA fynt it net netsjes dat de gemeente dêr noch net op reagearre hat en wol dat Ljouwert meibetellet, as kompensaasje foar alle oerlêst.

Trefwurden: 
skoalle Súdlannen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)