Banen fuort by Douwe Egberts

11 nov 2013 - 23:38

By Douwe Egberts ferdwine 110 banen. De measte op it haadkantoar yn Amsterdam, mar ek de festiging op 'e Jouwer wurdt net sparre. Om hoefolle banen oft it yn Fryslân giet, is noch net te sizzen. Dat seit fakbûnsbestjoerder Dolf Polders fan CNV Vakmensen. De meiwurkers binne ynformearre yn in ynterne meidieling dêr't yn stiet dat de organisaasje effisjinter moat.

Neffens Polders liket de nije Dútske eigener JAB in kar te meitsjen foar in bedriuw dat foaral op produksje rjochte is en minder op ferkeap en marketing.

Trefwurden: 
ûntslaggen Douwe Egberts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)