Stimpassen dochs noch besoarge

Grou
Yn Grou wurde moandeitemiddei en -jûn en tiisdeitemoarn noch santich stimpassen foar de gemeenteriedsferkiezings fan Ljouwert besoarge. In meiwurker fan postbedriuw Sandd hie se net delbrocht, wêrtroch't minsken net stimme koenen. De meiwurker wurket net mear foar Sandd, mar dat hat neat te krijen mei it net besoargjen fan de stimpassen.
It postbedriuw hat ekskuzes oanbean foar de flater. Boargemaster Crone fan Ljouwert hopet dat ien en oar net betsjut dat minsken oankom woansdei net stimme.