Rjochtsaak tsjin ryk om jild

01 feb 2012 - 13:03

Ljouwert docht mei in grut tal oare grutte gemeenten mei yn in rjochtsaak tsjin it ryk. De gemeenten binne ferplicht om útkearings gewoan út te beteljen en datselde jildt ek foar de kosten fan de sosjale wurkfoarsjenning. Dêr krije se jild foar fan it ryk, mar dat is lang net genôch. Ferline jier soarge dat al foar in tekoart fan 14 miljoen euro yn Ljouwert. Dat komt mei trochdat der yn de grutte stêden yn ferhâlding mear minsken wenje dy't in útkearing nedich ha. De gemeenten wolle fan de rjochter witte oft it ryk dit sa dwaan mei.

Trefwurden: 
jild rjochtsaak ryk útkearing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)