De Friesland skrast pakket

11 nov 2013 - 12:56

It djoerste oanfoljende pakket fan De Friesland, AV Excellent, ferfalt yn 2014. It pakket dat dan de heechste fergoeding jout is AV Optimaal, mar dêryn binne de fergoedings foar bygelyks in nije bril of alternative genêswizen leger. Klanten binne tenei djoerder út.

De fersekerder seit dat net in besuniging, mar te min fraach de reden fan de opheffing is. Neffens ferlikingssite Zorgkiezer is dat in lanlike trend. Jonge minsken litte oanfoljende pakketten links lizze omreden fan besuniging en dêrom binne de fergoedings leger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)