Bysûnder ûnderdûkplak yn Harns

11 nov 2013 - 11:41

Yn de âlde Harmonie yn Harns binne fjouwer bysûndere ûnderdûkplakken út de Twadde Wrâldoarloch fûn. Se kamen foar it ljocht by sloopwurk boppe-yn it gebou. By de stoarm fan in pear wike ferlyn hie it grutte skea oprûn. Tusken it ferwulft en it puntdak wie plak foar acht minsken. Der stiene fjouwer twapersoans bêden. De ûnderdûkers hiene in bysûnder warskôgingssysteem fan katrollen en gewichten.

Dat der ûnderdûkers sieten yn it gebou wie ûnbekend. Wol gie al langer it ferhaal dat de Torahrollen fan de Harnzer synagoge dêr ferside leine.

De fynst fan de ûnderdûkplakken yn Harns is in bysûndere fynst, in unikum sels. Dat seit Gerda Brethouwer, direkteur fan it Verzets- en Onderduikmuseum yn Aalten. Neffens har binne der mar in pear fan sokke goed bewarre ûnderdûkplakken yn Nederlân, wêrûnder it Anne Frank-huis yn Amsterdam en it ûnderdûkersplak yn it museum yn Aalten. It is neffens Brethouwer fan it grutste belang dat it ûnderdûkersplak yn Harns goed dokumintearre wurdt, op ferskillende wizen, yn gearwurking mei histoarisy.

De redaksje fan Omrop Fryslân is op syk nei minsken dy't mear witte fan de ferhalen oer de ûnderdûkplakken yn Harns. Se kinne belje mei 058-2997799 of maile nei redaksje@omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)