ROC's jouwe les yn feilichheid

De Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Learlingen fan trije Fryske ROC's krije dizze moanne les yn feilichheid. It giet om in lanlik inisjatyf fan CNV Vakmensen en Arbouw. Yn it hiele lân dogge tûzen learlingen fan regionale opliedingssintra mei. Yn Fryslân wurde de lessen jûn by de ROC's fan De Friese Poort yn Ljouwert, Drachten en Snits. It giet om earste- en twaddejiers learlingen yn de bou en metaaltechnyk.
Alle jierrren krije sawat 19.000 jongeren fan 15 oant 24 jier in arbeidsûngelok en moatte se nei de earste help yn it sikehûs.
Jongeren binne twa kear sa faak it slachtoffer fan in bedriuwsûngelok as 50-plussers. De lessen op de ROC's moatte ûngelokken op de wurkflier te foaren komme. Se binne boppedat bedoeld om learlingen bewuster te meitsjen fan de eigen ferantwurdlikens.