'Parkearterrein is gefaarlik'

Parkearterrein © Stock.XCHNG, Crystal Ayala
In part fan it parkearterrein by de Poiesz oan de Bouwe Harkemastrjitte op De Harkema moat gau ferbettere wurde. It terrein is foar in diel ûnferhurde en neffens de fraksje fan Gemeentebelangen Achtkarspelen is it dêr in binde. Automobilisten hawwe der djippe kûlen yn riden en dat soarget neffens de partij foar gefaarlike situaasjes.
De partij wol fan boargemaster en wethâlders witte oft se der wat oan dwaan sille, en wannear dan. It hiele parkearterrein soe ferhurde wurde moatte, fynt de partij.
De supermerk sels hat de kwestje ek alris oan de gemeente foarlein. Mar neffens Gemeentebelangen is dêr gjin reakskje op kaam.