Sven Kramer wint, gjin rekôr

10 nov 2013 - 21:44

Sven Kramer hat wer sjen litten dat de 5 kilometer syn ôfstân is. Yn Calgary by de wrâldbekerwedstriid ried er 6.04.46. Dat wie in dikke sekonde boppe syn wrâldrekôr fan 6.03.32 fan 2007 op deselde baan. De tiid fan sneintejûn is de twadde tiid ea. Jorrit Bergsma waard twadde yn 6.06.93, in dik persoanlik rekôr. Ek de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee ried in pr (6.07.04) en waard tredde. Bob de Jong waard fjirde yn 6.08.80. Koen Verweij, pr mei 6.09.51, en Jan Blokhuijsen (pr mei 6.11.91) waarden fiifde en sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)