Jesper Hospes wer sechsde

10 nov 2013 - 19:38

Jesper Hospes is op de twadde 500 meter by it wrâldbekerreedriden yn Calgary opnij sechsde wurden. De Feanster ried 34.57, ien tsiende rapper as ôfrûne freed. Hy waard de twadde Nederlanner, allinne Ronald Mulder hie in bettere tiid. Mulder, ôfrûne freed noch winner, waard tredde yn 34.52. De winst wie foar de Amerikaan Tucker Fredricks yn 34.46, Tae-Bum Mo waard twadde yn 34.47.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker Calgary
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)