Tom Philipspaad iepene

Op It Hearrenfean is sneintemiddei yn de wenwyk Skoatterwâld it Tom Philipspaad iepene. De 7-jierrige Tom ferstoar twa jier ferlyn oan de gefolgen fan Jansky-Bielschowsky. Dat is in seldsume stofwikselingssykte wêrtroch't selsstannich funksjonearjen net mear mooglik is.
Bewenners en bern út de buert kamen mei it idee om as earebetoan oan Tom in kuierpaad nei him te ferneamen. Under grutte belangstelling waard sneintemiddei troch de âlden fan Tom it nammebuord fan it kuierpaad ûntbleate.
Op de beammen neist it paad hongen tekeningen en foto's mei oantinkens dy't bern oan harren buertgenoatsje Tom hawwe.