Flyers fuortspile yn Tilburch

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneintemiddei mei 5-1 ferlern fan Tilburg. Yn Tilburg iepene de thúsploech de skoare yn de twadde perioade. Ut in powerplay-situaasje wist Tilburg de 2-0 op it boerd te setten. Noch gjin minút nei de twadde treffer makke Sander Dijkstra de oanslutingstreffer foar de Feansters. Krekt foar de ein fan de twadde perioade soargen twa Tilburgske treffers foar de 4-1. Yn de tredde perioade slagge de ploech fan Chris Eimers der net yn de efterstân fuort te wurkjen. Yn de slotminút tekene Tilburg foar de einstân.
Freed leit der wer iis yn Thialf en komme de Flyers om 20.00 oere yn aksje tsjin Herentals.